Grutte tarin op ID-kaarten

16 des 2011 - 13:07

Friezen freegje manmachtich in ID-kaart oan foar harren bern ûnder de fjirtjin jier. Op 1 jannewaris giet de priis omheech fan goed njoggen nei tritich euro is. De tastream soarget geregeld foar lange wachttiden, ek al omdat der fingerôfdrukken makke wurde moatte.

Omdat der oant 1 jannewaris noch flink wat oanfragen ferwachte wurde, binne guon gemeentehuzen ekstra iepen. By it oanfreegjen fan in ID-kaart moat it bern mei beide âlden delkomme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)