Ungelok by Werpsterhoeke

16 des 2011 - 12:44

By in ûngelok op Werpsterhoeke besuden Ljouwert is oan 'e ein fan 'e moarn ien persoan ferwûne rekke. It giet om de ynsittende fan ien fan de twa auto's dy't op it krúspunt byelkoar op botsten. Oer de oarsaak dêrfan is noch neat bekend.

It slachtoffer is nei it sikehûs brocht. Fanwege it ûngelok hat it krúspunt in skofke ôfsletten west.

Trefwurden: 
ûngelok Werpsterhoeke
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)