Bisdom wist fan misbrûk

16 des 2011 - 12:39

De ûnderste stien is noch net boppe yn it seksueel misbrûk yn de katolike tsjerke. Dat fynt slachtoffer Jaap Wolters fan Heech. Hy is ien fan de tusken de 10.000 en 20.000 minderjierrigen dy't tusken 1945 en 1981 misbrûkt binne troch meiwurkers fan de katolike tsjerke.

In spesjale kommisje ûnder lieding fan Wim Deetman hat de ôfrûne tiid ûndersyk dien. De konklúzjes binne freed presentearre. De wichtichste is dat it misbrûk bekend wie by de bisdommen en oardes fan de katolike tsjerke. In pear tûzen bern binne slim misbrûkt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)