F16-hagedis ûntsnapt

16 des 2011 - 12:22

De hagedis dy't tongersdei yn in F16 fan de fleanbasis Ljouwert fûn waard, is ûntsnapt út de kûveuze yn de opfang. It bist reizge mei yn in fleantúch út Noarwegen. Meiwurkers fan de fleanbasis hawwe de hagedis nei de fûgelopfang yn Marsum brocht.

Om't it bist swier ûnderkuolle wie, waard er yn in kûveuze dien. De hagedis is dêr út wei krûpt en hy sit ûnder in kast. Dy kast is te swier om him samar te ferpleatsen. De meiwurkers litte de hagedis foarearst ûnder de kast sitte. De hagedis is mei sturt en al 10 sintimeter lang.

Trefwurden: 
hagedis
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)