18e foarronde Kunstbende

13 apr 2008 - 16:18
  • De 18e foarronde fan Kunstbende Fryslân waard sneon holden yn de Lawei yn Drachten.

De 18e foarronde fan Kunstbende Fryslân waard sneon holden yn de Lawei yn Drachten. It tema fan dit jier, 'geheim', wie ferwurke yn de selsmakke acts. Yn alle kategoryën waard in winner keazen.

Dûnsgroep Anonymous wûn yn de kategory dûns, Harm Hendrik ten Napel by Taal, America yn de kategory teater, One Trick Pony by muzyk, Timo Hensen by film, Michiel Schippers by Expo en Anne en Suzanne yn 'alles mei'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)