KNSB bliid mei beslút Thialf

KNSB-foarsitter Doekle Terpstra is bliid dat in mearderheid fan de steatefraksjes woansdei akkoart giet mei in bijdrage fan 50 miljoen euro foar de bou fan in nij Thialf mei in moderne wedstriidbaan. De koälysjepartijen PvdA, FNP en CDA sprekke dêrneist ek de ambysje út foar de bou fan in twadde 400 meter baan dêr't topriders traine kinne. Dochs moat dy baan wol betelle wurde mei bydragen fan it Ryk en it bedriuwslibben.
It reedridersbûn sil sels net meibetelje oan in twadde baan, mar wol meitinke oer hoe't der jild binnen helle wurde kin.
"In topsporttrainingsbaan is wichtich foar de reedrydsport yn ús lân", neffens Terpstra.