B&W SWF posityf oer gemeente

Boargemaster en wethâlders fan Súdwest-Fryslân hawwe alle betrouwen yn de evaluaasje oer de gemeente dy't takom jier makke wurdt. De gemeente Súdwest-Fryslân bestiet no twa jier en is neffens boargemaster Apotheker goed op streek. Bernesyktes binne der neffens de gemeente eins net mear en der steane in soad projekten op priemmen yn plakken as Boalsert, Makkum, Snits, Starum en Warkum.
Der is gjin krimp; der is sels in lytse plus wat it ynwennertal oanbelanget.
B. en w. hawwe de yndruk dat de nije gemeente goed oan de slach is mei de ambysjes dy't de fiif âlde gemeenten foar de weryndieling formulearren.