FrieslandCampina mei Bongrain

Logo FrieslandCampina
Suvelbedriuw FrieslandCampina sil foar de ferkeap fan merktsiisprodukten yn Frankryk gearwurkje mei de Frânske suvelûndernimming Bongrain. FrieslandCampina wol hurde en healhurde tsizen ferkeapje yn Frankryk en wol troch de gearwurking gebrûk meitsje fan de kennis dy't Bongrain hat mei de ferkeap oan konsuminten. FrieslandCampina skriuwt yn in parseferklearring dat it net fan doel is om Bongrain oer te nimmen.