PVV lilk om Thialf-akkoart

18 des 2012 - 16:27

De PVV yn provinsjale steaten is lilk dat kolleezjepartij CDA it mearderheidsfoarstel oer Thialf al by Omrop Fryslân op de radio besprutsen hat. Dat fynt fraksjefoarsitter Otto van der Galiën fan de partij. Van der Galien doelt op it radiopetear dat CDA'er Johan Tjalsma fan it CDA tiisdei by Omrop Fryslân Aktueel hie om 12 oere middeis. Tjalsma beprate dêr it útstel fan de kolleezjepartijen PvdA, CDA en FNP om woansdei by de steategearkomste maksimaal 50 miljoen euro oan provinsjaal jild foar Thialf beskikber te stellen.

Fan dat jild sil yn april 2014 begûn wurde mei de bou fan de wedstriidhal fan Thialf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)