Finnbogason ûnwis foar F'noord

18 des 2012 - 15:23

It is noch net wis oft Hearrenfeanspits Alfred Finnbogason woansdei meidwaan kin oan de bekerwedstriid tsjin Feyenoord. De Yslânske topskoarder fan Hearrenfean krige snein yn de wedstriid tsjin FC Utrecht in tik op syn ankel. "Het is fifty-fifty dat Finnbogason speelt," sa seit trainer Van Basten. Dy hat fierder de beskikking oer in folslein fitte ploech. Ek Chris Kum, dy't snein útfoel mei in blessuere, kin gewoan meidwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)