Wurk foar maritime learlingen

18 des 2012 - 14:39
  • Ien fan de ontwerpen foar de ôffalbakken                        -                Foto: SamenFryslânSchoon.frl

Learlingen fan de Maritime Akademy yn Harns kinne aanst oeral yn Europa oan it wurk as matroas of skipper. Altearst as se har diploma helle hawwe. Der leit op dit stuit in wetsfoarstel by de Europeeske Kommisje dy't dat regelet. Direkteur Arjen Mintjes fan de akademy hat der as foarsitter fan de stifitng Eddina yn behelle west. Yn Eddina binne 27 maritime opliedingen yn europa fertsjintwurdige. Se binne it iens wurden oer in unifoarme oplieding yn Europa foar de binnenfeart.

Sa moat der op it Europeeske binnenwetter Ingelsk praat wurde en de diploma's moatte yn alle lannen deselfde status hawwe. It Europeesk parlemint moat der noch oer gear, mar Arjen Mintjes tinkt dat dat wol goed komt.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)