Berop op PS foar 2 Thialfbanen

It ynnovative sportlaboratorium InnosportNL docht in klammend berop op provinsjale steaten om woansdei dochs foar twa 400-meterbanen te kiezen by de nijbou fan iisstadion Thialf op It Hearrenfean. Direkteur George de Jong fan InnosportNL hat dêroer moandei in brief stjoerd oan alle steateleden. De organisaasje fynt it fan grut sportyf, mar ek ekonomysk en maatskiplik belang, dat der sawol in wedstriid- as in trainingsbaan by it nije Thialf komt. Yn dat gefal festiget InnosportNL ek sels in ynnovatyf sportlaboratorium op It Hearrenfean.