Welness-sintrum op It Amelân

Amelân
Rekreaasje-ûndernimmer Harry Westers kin fierder mei syn plannen foar in welness-sintrum op It Amelân. Hy wol it eardere swimbad Aqua Plaza ombouwe ta kueroard. Ek wol er der hotelkeamers by realisearje, ferdield oer in tal gebouwen. It CDA en Algemeen Belang Ameland hawwe noch hieltyd muoite mei syn plannen, sa die moandei bliken yn de gemeenteried. Sy fine de gebouwen te heech, de ôfstân dertusken te lyts en se meitsje beswier tsjin de bou op in stik gemeentegrûn. De oare partijen, in mearderheid yn de ried, binne posityf oer de plannen.