TDF lit borrelbussen ride

18 des 2012 - 09:56

Diskoteek The Dance Factory (TDF) fan Berltsum hat sels borrelbussen kocht om it diskoferfier fan en nei Berltsum te fersoargjen. Op eltse bus sit in sjauffeur én in befeiliger. De bussen hawwe it ôfrûne wykein foar it earst riden en neffens ûndernimmer Jetze Hoekstra gie dat goed.

It diskoferfier is begjin dit jier stillein nei in earnstige fjochtpartij yn in borrelbus. Sûnt koarten fersoarget Arriva it busferfier yn Fryslân, mar yn dy konsessy wie de saneamde borrelbus net opnommen.

'Ik haw dêrom mar besletten om it sels te regeljen', seit Jetze Hoekstra fan The Dance Factory. 'Ik haw der op it lêst ek belang by.' De borrelbussen fan Hoekstra ride fiif rûtes troch Noardwest-Fryslân. Dy rûtes begjinne yn Ljouwert, Arum, Easterein-Wommels, Ferwert-Hallum en Frjentsjer. It doarp Tsjummearum is yn gjin inkelde rûte opnommen. Yn dat doarp wie begjin dit jier in earnstich ynsidint yn de borrelbus. Doarpsbelang Tsjommearum hopet dat der sa gau as mooglik wer in borrelbus by har troch it doarp riidt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)