Ids nei De Haach foar Thialf

18 des 2012 - 09:32

Ald-wrâldkampioen en Olympysk kampioen reedriden Ids Postma, pleitet tiisdeitemiddei yn De Haach by Twadde Keamerleden foar in nij Thialf mei twa 400-meterbanen. Allinnich mei dy fariant kin Nederlân neffens him foarop rinnen bliuwe yn it reedriden. De iene baan is foar de topsport en de wedstriden, de oare foar de breedtesport en it rekreaasje-reedriden. Provinsjale steaten beslute woansdei oft de provinsje 50 miljoen euro beskikber stelt foar it nije Thialf. It foarstel is in iisstadion mei in wedstriidhal en in topsporttrainingshal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)