Lofthavenjild Ballum omheech

18 des 2012 - 07:29

It lofthavenjild foar fleanfjild Ballum op it Amelân giet mei 5 persint omheech. De gemeenteriedsleden seine moandeitejûn dat Ballum net djoer is yn fergelyk mei oare lytse lofthavens en dat de priis dêrom wol wat omheech kin.

Uteinlik giene de riedsleden akkoard mei in ferheging fan it lofthavenjild fan 5 persint. Allinnich Algemeen Belang Ameland wie tsjin. De partij woe in ferheging mei 2,6 persint ynflaasjekorreksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)