Hylper wurd is net it moaiste

17 des 2012 - 18:25
  • Plein 5 fan de NCRV

It Hylperse wurd 'lyveshearhönne' is net keazen as moaiste dialektwurk fan 2012, dy titel is gien nei it wurk 'pieneköttel' út Winterswijk. Dit is moandeitemiddei troch it NCRV-programma Plein 5 op Radio 5 bekend makke. In pieneköttel is in persoan dy't ferskriklik sunich is.

De ôfrûne moannen koene harkers fan it programma dialektwurden út de eigen regio ynstjoere. Uteinlik is dêr in top-10 fan makke en koene de harkers stimme. Dat smiet it top-3 op, dêr't de sjuery it winnende wurd fan keazen hat.

Neffens de sjuery is pieneköttel net allinnich noflik om út te sprekken, mar benammen ek in wurd dat in oanwinst wêze kin foar it folsleine Nederlânske taalgebiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)