Friezen: Samsom politikus 2012

17 des 2012 - 17:00
  • Diederik Samsom

Partijlieder Diederik Samsom fan de PvdA is yn Fryslân útroppen ta politikus fan it jier. Mear as 1300 Friezen hawwe dat bepaald troch mei te dwaan oan de enkête fan tv-programma Een Vandaag. Nei Samsom waard de âld-minister fan finânsjes Jan Kees de Jager twadde en PVV-lieder Geert Wilders tredde.

As politike útspraak fan it jier keazen de Friezen 'Nu doet u het weer. Nu doet u het weer', fan Samsom. De PvdA-lieder beskuldige yn in ferkiezingsdebat Mark Rutte fan de VVD dat dy net de wierheid fertelde.

Twadde útspraak fan it jier wiene de útlittings fan SGP-er Van der Staay oer de kâns op swangerskip nei in ferkrêfting. Dé politike gebeurtenis fan it jier wie neffens de Friezen de fal fan kabinet Rutte 1. Moandeitejûn om kertier oer seizen is de lanlike frekiezing fan politikus fan it jier by Een Vandaag op tillevyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)