Penning foar KNRM-skipper Smit

Rob Smit yn aksje as skipper fan 'e Hylper rêdingboat
Skipper Rob Smit hat moandei de sulveren draachpenning útrikt krigen fan mr. Pieter van Vollenhove. De penning waard útrikt oan beropskrêften en frijwilligers fan rêdingsmaatskippij KNRM. Smit is frijwillich skipper fan 'e rêdingsboat fan Hylpen. De penning waard dit jier foar it earst útrikt oan 12 minsken dy't har op bysûndere wize ynset ha foar de feilgens fan 'e maatskippij. Smit wie de iennichste frijwilliger tusken de nominearren.
Smit is grutsk, mar sjocht de penning fral as wurdearring foar alle meiwurkers fan 'e Hylper rêdingsboat.
De penning waard útrikt by it krystkonsert fan de Telegraaf yn Haarlim en wie de opmaat foar in wike dy't opdroegen wurdt oan helpferlieners dy't harren wurk faak ûnder drege omstannichheden dwaan moatte.