Himpkwekerij yn Sweagerbosk

De plysje hat moandei yn Sweagerbosk in profesjonele himpkwekerij oprôle. De kwekerij siet yn in in loads oan de Boskwei, der stiene 675 planten yn. De stroom yn de loads waard yllegaal fan it net ôftape.
De plysje kaam de kwekerij op it spoar nei eigen ûndersyk en ferskate tips. In 39-jierrige ynwenner fan Sweagerbosk is oanhâlden en ynsletten op it buro foar neier ûndersyk. De himp en de apparatuer binne yn beslach nommen.