Dokumintêre oer moard De Tille

17 des 2012 - 15:29

De moard op Murkje de Vries fan Koatstertille lûkt ek ynternasjonaal de oandacht. In Deenske dokumintêremakker folget de saak no't út ûndersyk bliken docht dat de fertochte nei alle gedachten nea ta syn die kaam wie, as er net ûnder ynfloed wie fan anty-depressiva.

It is foar it earst dat sa'n direkte link lein wurdt tusken moard en it brûken fan medisinen. De filmploech wie moandei yn Ljouwert foar in ynterview mei abbekaat Ali Westerhuis fan de fertochte en om in pro-forma sitting yn de Ljouwerter rjochtbank te filmjen.

De dokumintêre wurdt nei alle gedachten op 18 febrewaris útsjoerd op de Dútske tillevyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)