Nije drankregels jongerein

'Alkohol bij je? Dat komt je duur te staan!' Sa hjit de kampanje dy't steatssiktaris Van Rijn moandei lansearre hat. Fan 1 jannewaris ôf krije jongeren ûnder de 16 jier in boete fan 45 euro as se mei alkohol op strjitte sjoen wurde. In oare nije regel is dat jeugd ûnder de 18 gjin alkohol keapje mei.
Neffens de Fryske GGD wurdt der al minder alkohol dronken troch jongerein ûnder de 16, mar dat jildt net foar 16- en 17-jierrigen. Der wurdt oan in nije wet wurke dy't it besit fan alkohol troch jongeren fan 16 en 17 jier strafber makket.