Measte Friezen foar nij Thialf

17 des 2012 - 10:06

61% fan de Friezen is it der mei iens dat de provinsje Fryslân 50 miljoen euro ynvestearje wol yn de fernijbou fan iisstadion Thialf op It Hearrenfean. Dat docht bliken út in enkête fan Omrop Fryslân yn gearwurking mei tv-programma Eén Vandaag.

Fan de 1100 Friezen dy't oan it ûndersyk meidien hawwe, fynt 41% dat allinnich de wedstriidbaan fan dy 50 miljoen euro boud wurde moat. 33% fynt dat der njonken de wedstriidbaan ek in topsporttrainingshal komme moat. 65% fan de Friezen fynt it wichtich dat de grutte wedstriden yn Thialf bliuwe.

Oer hiel Nederlân is dat persintaazje mar 26 %. Provinsjale steaten nimme woansdei in beslút oer de provinsjale stipe fan 50 miljoen euro foar it nije Thialf. Mei-inoar hawwe 1100 Friezen oan de enkête meidien. Oer hiel Nederlân rekkene hawwe sels 29.000 minsken oan it ûndersyk meidien.

Trefwurden: 
Thialf subsydzje enkête
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)