Jonkjes even fermist

16 des 2012 - 17:22

De plysje is sneintemiddei op syk gien nei twa jonges út Ljouwert fan 8 en 10 jier âld. De jonges wiene it lêst sjoen yn de omjouwing fan Tjallingahiem en Salomonszegel yn Ljouwert. De plysje tocht dat de jonges op in fyts ôfset binne mei ûnbekende bestemming en die fia Burgernet ferskate kearen in oprop útgean om nei de jonges út te sjen. It wie doe al tsjuster.

Tsjin seizen waarden de jonges op in oare lokaasje yn de stêd wer troch de plysje weromfûn. De jonges mankeare neat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)