Fjouwermansbob wer twintichste

16 des 2012 - 15:39

Bobsliders Sybren Jansma fan De Pein en Jeroen Piek fan It Hearrenfean binne snein as 20e einige yn de fjouwermansbob by de wrâldbekerwedstriden yn it Frânske La Plagne. Mei Edwin en Arnold van Calker sette it Nederlânske team in totaaltiid fan 1.59.89 op it boerd. Dat wie hast 2 sekonden stadiger as de winnende tiid fan de Switser Beat Hefti.

In dei earder einigen Jansma en Van Calker as 9e yn de twamansbob. Mei in eintiid fan 2.01.97 wie it twatal 0,79 sekonde stadiger as it winnende Kanadeeske duo Lyndon Rush en Jesse Lumsden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)