Snits krijt miny-glêzen hûs

16 des 2012 - 15:35

Yn Snits stiet it kommend wykein in miny-ferzje fan it Glêzen Hûs fan Serious Request, de aksje fan 3FM om jild yn te sammeljen om bernestjerte de wrâld út te krijen. Op de Wijde Noorderhorne stiet in lytse studio mei twa dj's dy't twa dagen net ite sille en in soad aksje fiere sille om safolle mooglik jild byelkoar te krijen.

In freoneklup út Snits kaam in pear wike lyn op it idee om sa aksje te fieren foar Serious Request. It Snitser glêzen hûs komt der mei help fan sponsors.

De inisjatyfnimmers roppe minsken op om sels ek aksjes te betinken om jild yn te sammeljen en dat by it glêzen hûs te bringen, sadat sy dat wer trochjaan kinne oan it offisjele glêzen hûs. It grutte glêzen hûs stiet dit jier yn Enschede.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)