Drugskontrôle: 5 oanhâldings

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneontenacht yn Berltsum en Harns fiif minsken oanhâlden omdat se drugs by har hiene of omdat se de plysje hinderen by har wurk. Dat wie by in spesjale plysje-aksje, dêr't ek in plysjehûn by ynset waard dy't traind is yn it opspoaren fan drugs.
Yn Berltsum waarden bussen mei útgeanspublyk kontrolearre. Dêrby waard in frou fan 20 út Ljouwert oanhâlden, dy't ûnder oare kokaïne by har hie. In jonge fan 18 út Bitgummole waard ek trapearre. Hy hie wat weed bij him. De plysje hat yn Harns ek in man mei drugs oppakt.
By by oanhâlding bemuoiden oaren har mei de arrestaasje. Uteinlik binne doe trije minsken meinaam nei it plysjeburo.