Kryststikjes foar âlderein

Skoalbern besoargje krystikjes yn De Spiker yn Ternaart
Learlingen fan it Dockinga College yn Dokkum ha bewenners fan fjouwer fersoargingshûzen kryststikjes kado dien. De sechtich earsteklassers makken de kryststikjes freedtemiddei yn de les. Dêrnei ha se se brocht by de fersoargingshûzen Spiker yn Ternaart, De Skûle yn Mitselwier, Dongerahiem yn Dokkum en ferpleechhûs Talma yn Feanwâlden. De bewenners en it personiel wiene der wiis mei.
It is net foar it earst dat de skoallen mei de bern kryststikjes meitsje. It wie wol de earste kear dat se kado dien waarden.