Man oanhâlden mei drugs

16 des 2012 - 10:16

De plysje hat sneontenacht in 41-jierrige man út Ljouwert oppakt omdat er drugs by him hie. Plysjes seagen dat de man in ytgelegenheid oan it Ruterskertier útset waard omdat er ferfelend die. Dêrnei skopte er tsjin wat fytsen oan. De plysje hâlden de man doe oan. Doe die bliken dat er in tal xtc-pillen, boltsjes harddrugs en weed by him hie. Dat is yn beslach naam. De man is oanhâlden en nei it plysjeburo brocht.

Trefwurden: 
drugs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)