Fertochte brânstifting oppakt

16 des 2012 - 09:51
  • De brân wie op de tredde ferdjipping fan de flat

De plysje hat sneontemiddei yn Drachten in 25-jierrige man út dat plak oanhâlden op fertinking fan brânstifting. Hy soe mooglik belutsen wêze by de brân sneontemiddei yn in appartemint oan de Nachtegaalstrjitte. Wat syn rol krekt west hat, is noch net dúdlik.

By de brân rekken gjin minsken ferwûne, want der wie op dat stuit net ien. Wol is der behoarlike skea oanrjochte. De fertochte sit fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)