Aksjeside foar Omrop al online

It gebou fan Omrop Fryslân yn Ljouwert © Omrop Fryslân
De webside wêrop't minsken de petysje tekenje kinne om Omrop Fryslân oerein te hâlden is toch sneontejûn al de loft yngien. Earder waard sein dat dat net earder as moandei wêze soe. De petysje om Omrop Fryslân te stypjen is in inisjatyf fan De Ried fan de Fryske Beweging en de Freonen fan Omrop Fryslân en wurdt ek stipe troch de FNP.
Op de site www.romtefoaromropfryslan.nl kinne minsken oanjaan dat se it net iens binne mei de plannen fan it regear om de regionale omroppen opgean te litten yn de lanlike publike omrop en om 25 miljoen euro te besunigjen. Yntusken ha al hûnderten minsken de petysje tekene.