VC Snits ferliest topper

15 des 2012 - 22:36

De follybalfroulju fan Snits ha de topper yn de Dela-League mei 3-2 ferlern fan Weert. Earder dit seizoen ferlearen de Snitsers ek al nei fiif sets fan de Limboargers. Snits wûn noch wol de earste set mei 25-20. Dêrnei naam Weert it heft yn hannen en wûn it de folgjende sets mei 25-18 en 25-17.

Snits knokte werom en wûn de fjirde set mei 25-18. Yn de lêste set kamen de Snitsers krekt te koart: 15-12. Troch de oerwinning hat Weert it twadde plak steviger yn hannen mei twa punten mear as de nûmer trije Snits.

Trefwurden: 
Snits Weert follybal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)