Santichste Ferstival hâlden

Op It Hearrenfean wie sneon in âlde mar noch folop libjende tradysje te sjen en te hearren op it toaniel fan it Posthûsteater. It wie de 70e edysje fan it Ferstival, dat jongerein yn kontakt bringt mei Fryske poëzij. De dielnimmers moatte in gedicht foardrage en wa't dat as bêste docht, wint.
Doe't it Ferstival yn 1942 úteinsette, hjitte it noch de provinsjale foardrachtskriich. Ferneamde dielnimmers wiene Rients Gratama, Riek Landman, Nynke Laverman en Theun Plantinga. It Taalsintrum Frysk fan Cedin tekenet foar de organisaasje.
De dielname ferrint fia de skoallen. Ek dit jier wiene der mear as foldwaande dielnimmers.
De útslach fan de 70ste edysje fan it Ferstival is:
Starters (1ste klassers):
1. Riemy Reitsma fan Sevenwolden, Grou/Akkrum mei it gedicht Pas op foar kastielen fan Jurjen van der Meer.
Trochsetters (2de en 3de klassers):
1. Jente van der Hem fan RSG, Snits mei it gedicht Beppe en ik fan Harmen Wind.
Toppers (fan 4de klasse ôf):
1. Doutsen Dotinga fan it Beyers Naudé, Ljouwert mei it gedicht Stil as iis fan Benny Holtrop.