Johannes sjocht tefreden werom

15 des 2012 - 16:25

Johannes Rypma fan Aldegea sjocht mei in poerbêst gefoel werom op it meidwaan oan de The Voice of Holland. Hy koe de finale freedtejûn krekt net winne fan Leona Philipo, mar dat deart him hielendal net. Johannes is grutsk dat er sa fier kaam is.

Hy hat genoaten fan syn dielname oan de talintejacht fan RTL-4. Hy hopet dat er yn de takomst fan de muzyk bestean kin. Dat liket der goed út te sjen, want foar de kommende wike steane der al wat optredens pland.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)