Kin nij Thialf wol út?

15 des 2012 - 14:58

Provinsjale steaten nimme takom wike woansdei in beslút oer de takomst fan Thialf. Wat wurdt it? Ien of twa 400-meterbanen? Wat mei it kostje? Yn it 4e diel fan ús rige oer it nije Thialf sjogge we nei it rendabel meitsjen fan it nije stadion. Kin it út? Is de nije reedrydtimpel te eksploitearjen? Seker wannear't ek Ljouwert yn de takomst in 400-meterbaan krijt.

Moandei komt Omrop Fryslân yn gearwurking mei Een Vandaag mei in enkête oer de takomst fan Thialf.

Woansdei nimme provinsjale steaten it beslút oft Fryslân 50 miljoen euro beskikber stelle sil foar it nije Thialf. Ek dat kinne jo folgje by Omrop Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)