Brûns foar Boer yn Harbin

15 des 2012 - 13:46

Margot Boer hat sneon yn de Sineeske stêd Harbin har earste wrâldbekermedalje fan dit seizoen ferovere. Boer lei de tûzen meter ôf yn 1.17.35 en waard dêrmei tredde. Boer wie goed te sprekken oer har race, ek al gie it lêste rûntsje net hielendal goed. Boer is har oan it tarieden op it NK sprint. Se is dan ek bliid mei de foarútgong dy't se sjen lit by de wrâldbekerwedstriden.

De tûzen meter waard wûn troch Karolina Erbanova fan Tsjechië yn 1.17.10, Zhang Hong út Sina waard twadde.

Op de 500 meter waard Boer fiifde yn 38.71. Thijsje Oenema wie troch in geweldige misslach yn de earste bocht al kânsleas. Se einige teloarstellend as achttjinde yn 39.51. De 500 meter waard krekt as alle oare kearen dit seizoen wûn troch Sang-Hwa Lee fan Súd-Koreä yn 37.94. Net alle toppers kamen oan de start yn Harbin. Under oare Marrit Leenstra, Christine Nesbitt en Lotte van Beek lieten de wedstriid yn Sina sjitte.

By de manlju gong de winst op de 500 meter nei Jan Smeekens. De Sallander dy't yn Snits wennet ried 35.15. Michel Mulder, tsjintwurdich wenjend op It Hearrenfean, waard twadde yn 35.20. De 1000 meter wie yn 1.10.05 in proai foar Shani Davis. Hein Otterspeer waard op 0.02 twadde. Sjoerd de Vries waard 14e yn 1.11.33.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)