Flyers winne fan Eindhoven

15 des 2012 - 12:21

De iishockeyers fan de Friesland Flyers ha freedtejûn thús mei 4-2 wûn fan Eindhoven Kemphanen. De Flyers wiene fuort de boppelizzende partij. Nei de earste perioade wie it 2-1 foar de Flyers. It begjin fan de twadde perioade wie foar Eindhoven. It waard dan ek 2-2.

Oan it begjin fan de tredde perioade makken de Flyers de 3-2. Dizze lytse foarsprong bleau lang op it skoareboerd en der wiene kânsen foar beide ploegen. Yn de slotfaze spile Eindhoven alles of neat en dat joech de Flyers de romte om 4-2 te meitsjen.

Snein spylje de Flyers yn en tsjin Amsterdam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)