'Alphahelp is better as ZZP'

15 des 2012 - 11:34

Soarchynstelling De Friese Wouden jout gjin earlike ynformaasje oan de 1150 meiwurkers dêr't it kontrakt net fan ferlingd wurdt. Dat seit Berend Raap fan Alphatrots, de belangebehertiger fan alphahelpen yn Nederlân. Freed is bekend makke dat mear as de helte fan 'e wurknimmers fan De Friese Wouden as ZZP'er fierder moat.

Neffens Raap moatte dy wurknimmers net as ZZP'er oan 'e slach, mar as Alphahelp. Dan ha se mear rjochten en fertsjinje se mear as 2 euro yn 'e oere mear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)