Deadlik ûngelok Surhústerfean
In 43-jierrige fytser út de Grinzer Pein is freed oan it begjin fan de jûn om it libben kaam by in ûngelok op de Skieding by Surhústerfean. It slachtoffer woe de dyk oerstekke en is dêrby oanriden troch in auto. De klap wie sa hurd dat de man út De Pein oer in stek slingere is. De helptsjinsten binne noch wol oproppen, mar it slachtoffer wie doe al ferstoarn.
Oer de krekte tadracht fan it ûngelok is noch neat bekend.