De Boer fuort by Afvalsturing

Mei yngong fan 1 febrewaris 2013 lûkt Margreet de Boer har werom as presidint-kommissaris fan Afvalsturing Friesland. Dat bedriuw fan Omrin hâldt him foaral dwaande mei ferwurking fan ôffal. De Boer, âld-boargemaster fan Ljouwert, hat de maksimale perioade fan acht jier útsitten.
Se wie de opfolger fan âld-boargemaster John te Loo fan Ljouwert. It opfallendste dossier fan De Boer wie de REC yn Harns. As opfolger fan De Boer is Janny Vlietstra beneamd. Sy is tydlik boargemaster fan it Grinslanner Mearum en wie earder wethâlder yn Ljouwert.