Wettersportplakken opkreazje

14 des 2012 - 12:45
  • Foarsitter Geeske Visser fan Starums Belang, wethâlder Maarten Offinga

Provinsje en de gemeente Súdwest-Fryslân binne it iens oer it ferbetterjen en opkreazjen fan fjouwer wettersportplakken. Der is sa goed as 9,5 miljoen euro tasein foar Starum, Warkum, Makkum en Boalsert.

It wurk set út ein yn Starum. Dêr moat ûnder oare de histoarje fan de hanzestêd wer sichtber makke wurde. Yn Makkum moat it sintrum kreazer wurde en de Holle Poarte opwurdearre. Yn Warkum komme oanlisplakken foar passanten en yn Boalsert wurdt dat ek oppakt.

De gemeenteried fan Súdwest-Fryslân moat de kommende moannen noch wol ja sizze tsjin in bydrage fan ien miljoen euro foar al it wurk. Opfallend is ek dat foar de plannen yn Makkum in slompe jild oanfrege wurdt út it Waadfûns, wylst Makkum oan 'e Iselmar leit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)