Rjochter ferbiedt staking

Der mei net staakt wurde by it transportbannefabryk Dunlop yn Drachten. Dat hat de rjochtbank yn Ljouwert tongersdeitejûn bepaald nei in koart pleit dat de direksje oanspand hie. De fakbûnen drigen om it fabryk tongersdeitejûn plat te goaien. Se hiene it fabryk in ultimatum steld. Se wolle dat de direksje ôfspraken oer wurkomstannichheden en oer it salaris better neikomt. Neffens de rjochter is der noch net genôch besocht om ta in oplossing te kommen. Dêrom soe it net passend wêze yn staking te gean.
Eltse dei staking kostet Dunlop 150.000 euro, sa sei de advokaat yn de sitting. De direksje is bliid mei de útspraak, mar seit no sa gau mooglik oerlizze te wollen om fierdere ûnrêst foar te kommen. De fakbûnen bliuwe kritysk. Earder waard in ôfspraak mei de bûnen ôfsein, omdat de advokaat der oars net bywêze koe. Dyselde advokaat moast no in soad oeren stekke yn it koart pleit tsjin de fakbûnen. Doe't de rjochter in fraach yn dy rjochting stelde, kaam der in lûd applaus fan de manmachtich oanwêzige meiwurkers fan Dunlop.