Gerbrandy offisjeel beneamd

13 des 2012 - 21:06
  • Gemeente Achtkarspelen

Germ Gerbrandy út Gau wurdt op 14 jannewaris ynstallearre troch kommissaris fan de keninginne John Jorritsma as nije boargemaster fan Achtkarspelen. Hy folget waarnimmend boargemaster Piet Adema op.

Gerbrandy wie earder wethâlder fan de gemeente Wymbritseradiel. In pear wike ferlyn lekte de útslach fan de fertrouwenskommisje al út. Gerbrandy is tongersdei offisjeel beneamd as de nije boargemaster.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)