Twa ferwûnen N359 by Balk

13 des 2012 - 20:40

Op de N359 by Balk binne tongersdeitejûn twa minsken ferwûne rekke. It giet om in man en in frou dy't mei harren auto's tsjin elkoar oan kamen. Hoe't it ûngelok krekt barre koe, is noch net bekend. De man en de frou binne beide mei ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs. It is noch net dúdlik hoe slim oft it is. De N359 hat fan Wikel oant Sondel ôfsletten west. Ferkear is omlaat.

De plysje warskôget it ferkear tongersdeitejûn, om't it op guon plakken noch glêd wêze kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)