Net yngripe fersmoarging Waad

13 des 2012 - 19:58

Rykswettersteat en de Waadferiening lizze op dit stuit de lêste hân oan in hantlieding foar de oaljebestriding op it Waad. Ien fan de oanbefellings is dat it betiden better wêze kin om mar net yn te gripen. It Waad is hiel kwetsber foar oaljefersmoarging mei de droechfallende platen en kwelders. Dêrom hat de Waadferiening it inisjatyf naam om in saneamd ekologysk spoarboekje te meitsjen. Dêryn wurdt ûnderskied makke tusken ferskate soarten oalje en de gebieten dêr't it spul komme kin mei de bêste oanpak derby.

De hantlieding komt yn jannewaris takom jier út en is betelle troch jild út programma Naar een Rijke Waddenzee. De ynformaasje is foar in breed publyk bedoeld, fan oaljebestriders oant bestjoerders en behearders fan natoergebieten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)