Aksjes foar thússoarch

13 des 2012 - 18:53

Fakbûn Abvakabo FNV kundiget aksjes oan foar it behâld fan goede thússoarch. Fan 1 jannewaris ôf ferlieze ûnder oare likernôch 1150 thússoarchmeiwurkers fan soarchynstelling De Friese Wouden harren baan troch de nije kabinetsplannen.

It fakbûn hat tongersdei brieven stjoerd nei de leden. Begjin jannewaris wurdt in gearkomste hâlden. Dêr wurdt dan bepraat hokker aksjes se fiere sille en wannear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)