Wetteroplieding op MBO-nivo

MBO-skoallen Friesland College en Nordwin College meie tegearre in opliedingssintrum begjinne dat him rjochtet op wetter. Op it HBO- en wittenskiplik nivo bestean yn Fryslân al wetteropliedings, mar no kin dat ek op MBO-nivo. De skoallen krigen tongersdei de takenning fan minister Bussemaker. Se krije in bedrach fan 1,9 miljoen euro. Dat waard tongersdeitemiddei bekend makke yn Brielle (Súd Hollân).
Fryslân is no de iennichste provinsje dy't folslein spesjalisearre is yn wetter.
De bedoeling is dat foar de simmer in proef úteinset mei opliedings op it mêd fan wetter. Nei de simmer komme der pas echte feroarings foar de MBO-learlingen. It nije gearwurkingssintrum foar wetteropliedings hjit MBO Life Sciences.