Sjuery oanwiisd G.J.-priis

13 des 2012 - 14:44
  • It stânbyld fan Gysbert Japicx by de Martinitsjerke yn Boalsert

De provinsje hat trije Fryske literatuerkenners oanwiisd foar de advyskommisje foar de Gysbert Japixcpriis. It giet om literatuerwittenskipper en skriuwer Jetske Bilker, literatuerhistoarikus en heechlearaar Frysk Goffe Jensma en oersetter Jantsje Post. Sy advisearje de provinsje oer wa't winne moat. De Gysbert Japicxpriis wurdt ienris yn de twa jier takend. De iene kear foar proaza, de oare kear foar poëzy. Yn 2011 wûn Durk van der Ploeg de Gysbert Japicxpriis foar proaza, yn 2013 giet de priis nei poëzy.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)