Jans Vos bêste praktykoplieder

Heiwo yn Wolvega © Google Streetview
Jans Vos fan it Heiwo karrosseryfabryk yn Wolvegea is tongersdei útroppen ta bêste praktykoplieder fan it jier. Hy krijt de priis foar syn ynset foar it oplieden fan jonge minsken yn de karrosserybou. De priis is ynsteld om omtinken en positive wurdearring te jaan oan bedriuwen foar it oplieden fan MBO-learlingen. Jans Vos hat sels karrosserybouwer west en wit dêrom krekt wat in learling witte moat om mei te draaien yn in wurkpleats. Hy is fierder bot belutsen by syn learlingen.
Vos fynt it fan grut belang om jongeren op te lieden foar dizze brânsj. As it no net bart, is it neffens him oer in pear jier te let.