Better As wol earder útspraak

© Omrop Fryslân
De stifting Better As wol dat de rjochtbank yn in fersnelde proseduere syn boargerinisjatyf op de provinsjale politike aginda pleatst. Provinsjale Steaten wolle de beswieren tsjin de Sintrale As net behannelje. Aksjegroep Better As hat doe de rjochtbank om in oardiel frege, dy soe soks op fiif febrewaris ek dwaan, mar hat no fanwege de kompleksiteit dochs besletten dat dat troch in mearfâldige keamer dien wurde moat. Dat duorret Better As te lang, en dêrom wurdt no om in fersnelde behanneling frege.